De Jouwer wint SKS De Feanhoop

Dirk Jan Reijenga fan De Jouwer hat moandei op 'e Feanhoop de twadde wedstriid fan it SKS skûtsjesilen wûn. It skûtsje startte lykwols as achtste, mar wist as earste te einigjen. Grou en It Hearrenfean waarden twadde en tredde. Der wiene gjin protesten.
Foar de feiligens waard derfoar keazen om de skûtsjes in heale minút nei inoar starte te litten. Dêrom wie it net de finishfolchoarder, mar de syltiid dy't bepalend wie.