Fakbûn stipet aksje tsjin FLT

© Omrop Fryslân
Brânsjeorganisaasje Transport en Logistiek stipet de aksje fan de fakbûnen om transportbedriuw FLT yn Twizel fan de dyk te heljen. It bedriuw hat it lean fan in tal sjauffeurs net betelle.
Foar de brânsjeorganisaasje telt ek dat it bedriuw ûnder de fêststelde tariven rydt en sa foar ûnearlike konkurrinsje soarget. Fierder hie FLT al gjin fergunning mear om fracht te ferfieren. Transport en Logistiek NL hat ek de ynspeksje ynskeakele.