Motorplysje by Koudum ûnderút

20 jul 2009 - 09:48

In motorplysje is sneontemiddei by Koudum ferwûne rekke doe't er mei syn motor ûnderút gie. De plysjeman wie op wei nei in melding doe't er troch it minne waar en de wiete dyk yn in slip rekke. Hy rekke dêrby de auto fan in 54-jierrige man út Rhenen. Dy hie syn auto oan de kant set om de helptsjinsten de romte te jaan.

De plysjeman is mei in brutsen skouderbonke nei it sikehûs yn Snits brocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)