Oanhâlding foar mishanneling

© Omrop Fryslân
De plysje hat snein in tredde man oanhâlden foar in mishanneling op it Ruterskertier yn Ljouwert, ôfrûne freed. It giet om in 22-jierrige man út Ljouwert. By de mishanneling rekke in 23-jierrige Ljouwerter ferwûne. Hy is mei in brutsen jokbonke en in harsensskodding nei it sikehûs brocht.
De plysje siket noch nei in fjirde man. De fertochte dy't snein oanhâlden waard, sit fêst foar ferhoar op it plysjeburo.