Toulûksters winne sulver

It oefenjen fan de 3 Friezinnen hat fertuten dien
It Nederlânske team fan toulûksters, mei dêryn trije Friezinnen, wûn snein it sulver op de Worldgames yn Taiwan. Maaike Hornstra fan Jellum, Grytsje Stoker fan Wirdum en Aaltsje Nieuwland fan Jobbegea makken diel út fan de 8-koppige ploech dy't twadde waard by dizze wrâldkampioenskippen toulûken.
Nederlân moast it twa kear opnimme tsjin Súd-Afrika, Japan, Ingelân, Oekraïne en Taiwan. Dat lêste lân wie de grutte favoryt en makke dy rol ek wier troch it goud te pakken.