Man oanholden mei harddrugs

© Omrop Fryslân
In 22-jierrige ynwenner fan Ljouwert is sneontenacht yn Harns oanholden foar it besit fan harddrugs en GHB. De plysje fûn de man lizzend op stritte nei in melding dat hy troch it lint gie op de Grote Bredeplaats.
Omdat de man him net idintifisearje woe, waard er nei it plysjeburo brocht. De plysje fûn twa XTC-pillen en in fleske mei GHB yn syn klean. Dy drugs binne yn beslach naam en de man hat in proses-ferbaal krige.