Plysjeman lestich fallen

© Omrop Fryslân
In plysjeman dy't sneintemoarn dwaande wie mei in alkoholkontrôle op de Stasjonswei yn Grou is lestich fallen troch in tal persoanen. De problemen ûntstiene omdat de plysjeman wegere om ien fan de ynsittenden fan in auto ek blaze te litten.
Dêrop waard in ynwenner (29) fan Grins ferfelend. Doe't de plysjeman de manlju frege om fuort te gean, joech de Grinzer him ûnferwachts in treau yn de rêch. De plysjeman foel dêrtroch en rûn skaafplakken op.