Dronken de sleat yn
In 40-jierrige ynwenner fan Hilaard is sneontenacht ûnder ynfloed fan alkohol op De Feanhoop yn in sleat riden. De man krige in proses-ferbaal en in rydferbod fan fjouwer oeren omdat út in azemanalyze bliken die dat hy tefolle dronken hie. Ek in ynwenner (39) fan De Rottefalle ried mei te folle drank op mei de auto de sleat yn. Dat barde op de Bildreed yn syn doarp. De man belle sels de plysje. Hy krige in proses-ferbaal en in rydferbod fan njoggen oeren.