Groep jongeren nimt film op

19 jul 2009 - 14:21

In groep jongeren hat ôfrûne tiisdei yn ien dei in film opnaam foar Youtube. De bruorren Wiebe en Johan de Jong fan Donkerbroek meitsje geregeld films. Foar it lêste filmke hiene se beide har freonen útnoege.

Sa ûntstie in mjuks fan minsken mei allegear har eigen ideeën. Mei inoar ha se in skript skreaun en alles yn ien dei opnaam. Sa waard der in kompleet fleantúch neispile. Yn de jûn ha se de film montearre op de PC, sadat dy fuortdaliks te sjen wie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)