Sanquin wol lokaasjes slute

19 jul 2009 - 12:18
  • Mooglik lokaasjes bloedbank ticht

In tal lokaasjes fan bloedbank Sanquin yn Fryslân giet de kommende jierren mooglik ticht. Sanquin besjocht op it stuit oft de lokaasjes dy't yn Noardeast-Nederlân brûkt wurde, noch foldogge oan de hjoeddeistige easken foar feiligens en hygiëne.

Ek wol Sanquin wite hoefolle donors op de lokaasjes komme. It giet dan ûnder oare om lokaasjes dy't Sanquin hiert fan oare organisaasjes, bygelyks yn Burgum, Snits, Harns, Dokkum en op De Jouwer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)