Handikapten wegere yn Treemter

In groep Belgen yn rolstoel is ôfrûne wike wegere yn diskoteek De Treemter yn Grou. Dêr waard op dat stuit in grutte skomparty holden. De Belgen binne sa lilk dat se in klacht yntsjinje sille tsjin de diskoteek.
Neffens de eigner fan de Treemter wie it net feilich foar de handikapten en binne se dêrom wegere. Neffens de Belgen binne se ûnfreonlik behannele troch de portiers fan de diskoteek. Se fiele har diskriminearre.