Finale modellewedstriid

Isa Hulshof fan Hurdegaryp, de nije Doutzen?
Isa Hulshof fan Hurdegaryp en Suzanne Visser fan Ljouwert stienen sneon yn de finale fan in wichtige modellewedstriid. It ferneamde buro House of Orange siket in opfolger fan topmodel Doutzen Kroes. Se sochten de ôfrûne moannen rûnom yn it lân nei geskikte kandidaten.
De twa Friezinnen hearre by de fjouwer moaiste froulju en diene sneon de finale fotoshoot yn Amsterdam. De útslach folget oer oardel wike. De winner krijt in kontrakt foar 3 jier.