Drugskontrôle op fearboaten

Kontrôle op de fearboat
Alle passazjiers fan de fearboat nei Flylân en Skylge binne freedtemiddei kontrolearre op drugsbesit. De plysje die dat omdat der hieltyd mear sinjalen komme dat de hannel yn drugs op beide eilannen tanimt.
By de kontrôle waarden twa drugshûnen ynset. Dy fûnen by trettjin passazjiers hard- en softdrugs. Tsien fan har hiene sa'n bytsje drugs by har, dat se der sûnder proses-ferbaal ôfkamen. Trije oaren waarden fêstset op it plysjeburo foar neier ûndersyk.