Fytsster ferwûne op Skylge

© Omrop Fryslân
In famke (16) út Rotterdam rekke freedtemiddei ferwûne by in oanriding op West-Skylge. It famke hie sa'n faasje mei de fyts dat hja op de ferkearde kant fan 'e dyk kaam.
Dêr kaam op dat stuit in autobestjoerder (47) fan West-Skylge oanriden. Hy koe noch krekt op tiid stilhâlde. Trochdat de fytsster bot remme, foel se tsjin de auto oan. It famke is mei ferwûnings oan de skonk en skaafwûnen mei de sike-auto nei in dokter op it eilân brocht.