Oanholden nei oanriding

© Omrop Fryslân
In man (34) út Bûtenpost is yn de nacht fan freed op sneon oanholden nei in oanriding. De man ried op Het Oost tsjin in beam en rekke dêrby ferwûne oan de earm en de holle. Doe't de plysje op it plak fan de oanriding kaam, wie de bestjoerder fuort.
De man melde him fyftjin minuten letter en doe die bliken dat er drank op hie. De Bûtenposter is meinaam nei it plysjeburo foar in azemanalyzje. Hy blaasde 565 ug/l. De man moast syn rydbewiis ynleverje.