'Stasjon Marrum moat opknapt'

18 jul 2009 - 12:31
  • It opknapte stasjonsgebou

De gemeente Ferwerderadiel moat derfoar soargje dat it stasjonsgebou by Marrum net wer hielendal fertutearze rekket. Dat fine de ynwenners fan it doarp al in pear jier, mar oant no ta is der noch neat bard.

It gebou is seis jier lyn folslein restaurearre, mar stiet sûnt dy tiid leech. De hjoeddeistige eigner woe it stasjonsgebou brûke foar hoareka, mar hat der al trije jier neat oan dien. Dêrom wol de gemeente it no weromkeapje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)