Brêge Nijlemmer klear

18 jul 2009 - 09:52

Ferkear kin wer oer de brêge yn Nijlemmer. De ôfrûne moannen wie dat net mooglik, omdat de brêge ferfongen waard troch in nije. Der moast dêrom sa'n tsien kilometer omriden wurde om fan de iene kant fan it doarp nei de oare te kommen.

Freedtemiddei waard de nije brêge oplevere en hoecht ferkear net mear om te riden. Frachtferkear koe al in jier net oer de brêge, omdat dy der te min oan ta wie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)