SKS-skûtsjes wer los

18 jul 2009 - 07:44
  • De lotting yn Grou (foto: Martin de Jong)

De Twee Gebroeders fan Drachten hat moandei de bêste útgongsposysje by de SKS-wedstryd op de Feanhoop. Skipper Albert Visser mei dan as earste starte, sa die freed bliken by de lotting yn Grou. Mei dy lotting wurdt it SKS-silen neffens tradysje iepene.

De earste wedstryd wurdt sneon syld by Grou. Foar dy wedstryd hoecht net lotte te wurden, omdat alle skûtsjes der tagelyk starte. De SKS-wedstriden wurde de kommende twa wiken rûnom yn Fryslân hâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)