Eksposysje 'Wad Naakt' iepene

Ien fan de foto's fan de eksposysje
Yn it foar wie der al in soad oer te dwaan, mar sûnt freed is ie echt te sjen: de eksposysje 'Wad Naakt'. Dy bestiet út tweintich grutte foto's fan bleate froulju, dy't lâns de seedyk tusken Moddergat en Lauwerseach stean.
Yn it foar kamen der klachten fan omwenners en de ChristenUnie, dy't de foto's te opfallend fûnen. De gemeente seach lykwols gjin reden de eksposysje te wegerjen. Dy is te sjen oant 15 septimber. Dêrnei binne de foto's te keap foar 3.000 euro it stik.