Soargen oer biodisel

17 jul 2009 - 13:47
  • Tanks reitsje ferstoppe troch algen yn biodisel

Ferfierdersorganisaasje Transport en Logistiek Nederlân hat grutte soargen oer biodisel. De lêste tiid komt it hieltyd faker foar dat frachtauto's stil komme te stean troch algegroei yn de tanks. It is dreech om de tank wer skjin te krijen.

It is lêsten ferplicht makke dat fiif prosint biodisel troch de gewoane disel mingd wurdt. At de produsinten der gjin algebestridingsmiddels by dogge kin it foarkomme dat alle filters ferstoppe reitsje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)