CDA: noed oer boekejild

17 jul 2009 - 12:23

It CDA yn Ljouwert hat noed oer de eigen bydrage foar nije skoalboeken. Dit jier is it foar it earst dat skoalboeken yn it fuortset ûnderwiis fergees binne. Allinne moat wol in eigen bydrage fan 75 euro per bern betelle wurde. Dat jild wurdt pas werom jûn at de boeken nei it eineksamen ynlevere wurde. It CDA is benaud dat minsken mei in lytse beurs dat net betelje kinne.

De fraksje hat der in brief oer skreaun oan it kolleezje fan Ljouwert.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)