De Wagt op staazje nei België

17 jul 2009 - 12:04
  • Chris de Wagt (argyffoto)

SC Cambuurspiler Chris_de_Wagt sil op staazje by de Belgyske klup KSV Roeselare. De ferdigener besiket by de klup fan de Nederlânske trainer Dennis_van_Wijk in kontrakt te fertsjinjen. Roeselare spilet yn de heechste divyzje fan België.

De_Wagt is krekt werom fan in proefperioade yn Skotlân by Inverness. Mooglik kin de Snitser ek dêr hinne. De Wagt komt by Cambuur net oan spyljen ta en wol dêrom graach nei in oare klup.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)