Ierdwaarmte brûke by kassen

17 jul 2009 - 12:01

Túnker Hartman fan Seisbierrum ynvestearret miljoenen euro's yn eksperimintele boarrings nei ierdwaarmte. De provinsje en lânbou-universiteit Wageningen dogge al jierren ûndersyk nei it brûken fan ierdwaarmte foar túnkers yn Noardwest- Fryslân. Kilometers djip is it sa waarm dat je dêr kassen mei ferwaarmje kinne.

Griente- en fruittúnker Hartman is de earste dy't in boarkonsesje oanfreget by it ministearje fan ekonomyske saken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)