Mear minsken helje rydbewiis

17 jul 2009 - 11:37
  • It CBR hat mear minsken eksamens ôfnaam

It tal eksamens foar it rydbewiis B is ferline jier mei goed 1400 tanaam. Yn 2007 diene hast 29.000 minsken teory- en praktykeksamen. Ferline jier wiene dat goed 30.000. Foaral op It Hearrenfean waard mear ôfriden. Yn Ljouwert en Snits naam it tal eksamens ôf.

Lanlik hawwe ferline jier in rekord oantal minsken eksamen dien foar it rydbewiis. Dat wie mear as oardel miljoen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)