Waadseegasthear op Richel

17 jul 2009 - 11:29

Op de Richel by Flylân sit sûnt koart in saneamde Waadseegasthear. Hy moat kwetsbere stikjes natuer yn it Waadgebiet bewake, toeristen ynformearje en as it nedich fuortstjoere.

De gasthear sit dêr op fersyk fan it ministearje fan Lânbou en Natoer en is yn tsjinst fan Natuermonuminten. Hy sit der noch oant ein fan dizze moanne. Ek by Skylge en It Amelân wurde dit soarte fan gasthearen ynset.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)