Suvelreus stipet oprop LTO

17 jul 2009 - 09:17

FrieslandCampina stipet de oprop fan lânbou-organisaasje LTO-noord om de taslachrjochten earder út te beteljen. Mar neffens de suvelkoöperaasje is dat ienmalich en giet it net om in strukturele maatregel.

Boeren ha it dreech om't de molkpriis histoarysk leech is. As gefolch fan de krisis is der minder fraach nei suvel. It suvelbedriuw makket him wol soargen oer de gefolgen dy't dit ha kin foar de boeren, mar de boeren moatte sels de kosten yn de hân hâlde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)