'Nij ûndersyk nei oven'

16 jul 2009 - 21:26

Der moat opnij ûndersyk dien wurde nei nut, needsaak en wurking fan de ôffaloven yn Harns. Op grûn dêrfan moatte de oandielhâlders, de Fryske gemeenten, opnij beslute oft de ferbaarningsoven REC ek echt yn bedriuw steld wurde moat. Dat skriuwt de stifting Afvaloven Nee yn in brief oan minister Cramer fan miljeu.

De stifting wol dat oare partijen, lykas de Waadferiening en de provinsje ek meiprate oer de útkomsten fan it ûndersyk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)