Stille heimasine yn Fryslân

De masine makket folle minder leven
De oerlêst fan grutte bouprojekten kin meikoarten wolris flink minder grut wurde. Heibedriuw Euro Funderingen út Feanwâlden hat in unike nije heimasine kocht. Dy makket gjin leven, op it draaien fan 'e diselmotoaren nei. Dat kin trochdat de masine de peallen net de grûn ynslacht, mar boarret. Bykommend foardiel is dat dat ek net foar trillingen soarget.
De nije masine kostet wol in soad jild: 270.000 euro.