Neiblusse by troffen kafee

De brânwacht is noch net klear. Foto: Dennis Stoelwinder
De brânwacht op It Hearrenfean is noch altiten oan it neiblussen by kafee It Houtsje en de gebouwen derneist dy't tongersdeitemiddei folslein ferlern gongen binne. Der komt noch reek út de gebouwen en de Koemarkt is noch altiten ôfsletten.
Yn kafee It Houtsje kamen in soad reedrydfans. De eigner is troch de brân syn folsleine kolleksje reedryd-memorabilia kwytrekke. Dy hie er yn syn kafee útstald. De man is ûnderweis nei hûs fan syn fakânsje-adres.