Kriminaliteit transportsektor

16 jul 2009 - 15:18

De ynterne kriminaliteit by transportbedriuwen nimt ta. Dat hâldt yn dat meiwurkers oare minsken tippe oer de lading dy't yn de oplizzer sit, lykas bygelyks laptops.

De bedriuwen sette dat guod mei opsetsin al yn it midden fan de truck, mar dochs wurde se stellen. Om soks foar te kommen wol Transport en Logistyk Nederlân swiere pylders op de lading lizze. Frachtauto's kinne ek stald wurde op terreinen mei bewaking.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)