PM-tunnel kin wer iepen

16 jul 2009 - 11:37

De Prinses Margriettunnel yn de A7 by Snits kin woansdei wer iepen foar ferkear. De lekkaazje yn de tunnel is oplost, sa seit Rykswettersteat. De kommende dagen wurdt der nij asfalt yn de tunnel oanbrocht.

De lekkerij waard begjin dizze moanne ûntdutsen. Nei ferskate ûndersiken die bliken dat it lek siet yn in piip dy't brûkt wie by de bou fan de tunnel. Ynkoarten wurdt ek de buis yn de rjochting fan Snits ûndersocht. It ferkear sil der kwalik lêst fan ha.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)