Drugshannelers oppakt op Weaze

16 jul 2009 - 10:09

Op de Weaze yn Ljouwert binne woansdei sân manlju oanholden foar drugsbesit en hannel yn drugs. De plysje hie klachten krigen oer it drugsgebrûk dêr. Nei oanlieding dêrfan die de plysje langere tiid ûndersyk yn de buert.

Plysjes yn boarger posten in skoft yn de buert fan de Weaze. Woansdei binne fiif Ljouwerters oanholden om´t se drugs by har hiene. Letter waard in man út Sint_Anne (18) en in Ljouwerter (22) oanholden foar hannel yn drugs.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)