Van der Heide blessearre

Sandor van der Heide blessearre (foto: Martin de Jong)
Sandor_van_der_Heide is blessearre oan ´e knibbel. Moandei hat hy in MRI skan meitsje litten en dêryn die bliken dat de Cambuurmiddenfjilder in skuorke yn ´e binnenmeniskus hat. De Snitser sil him yn ´e winterstop operere litte en hopet dan nei gelyk de winterstop wer foar Cambuur fuotbalje te kinnen om sa gjin kompetysjewedstriden te missen.
Van_der_Heide hat de blessuere oprûn yn de lêste beslissingswedstriid tsjin Roda_JC.