Cambuur wint fan Hartlepool

© Omrop Fryslân
Cambuur hat de oefenwedstriid tsjin Hartlepool United, in ploech dy't útkomt op it tredde nivo yn Ingelân, mei 4-2 ferslein. Hartlepool United wie nei DTD, Sparta Deinum en Blau Wyt '34 de earste serieuze tsjinstanner foar de Ljouwerters yn 'e tarieding op it nije seizoen.
Oanfierder Sandor van der Heide tekene foar twa doelpunten. De oare twa waarden makke troch Ruud ter Heide en Nassir Maachi.