V.d. Bos wint Minnertsgea

Gert-Anne van der Bosch (foto: Martin de Jong)
Gert-Anne_van_der_Bos, Folkert_van_der_Wei en Daniël Iseger hawwe woansdei de frije formaasjepartij yn Minnertsgea wûn.
Yn de finale wienen se mei 5-2 en 6-0 te sterk foar Rutmer van der Meer, Renze_Pieter Hiemstra en Taeke_Triemstra. Van der Meer miste op 4-2 en 6-6 it perk en dat wie it brekpunt yn de partij. Foar de formaasje van der Bos wie it de fjirde seizoensoerwinning.