Gjin sponsering hynsteprizen

15 jul 2009 - 15:47

De gemeente Nijefurd hâldt takom jier op mei de sponsoring fan de prizen fan hynste-eveneminten. Dat hawwe boargemaster en wethâlders besletten. Allinne oan de sulveren swipe, dy't as priis útrikt wurdt by de jierlikse riderij yn it sintrum fan Warkum, wurdt noch troch de gemeente meibetelle.

Foar alle oare eveneminten ferdwynt dy sponsoring omdat it oantal oanfragen hieltyd grutter wurdt. De gemeente hat dêr net genôch budzjet foar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)