Grutter keameroanbod Ljouwert

© Omrop Fryslân
It tal nije keamers dat yn juny yn Ljouwert oanbean is, leit goed 50 persint heger as yn deselde perioade ferline jier. Dat docht bliken út ûndersyk fan kamernet.nl. Dat is de grutste keamerwebside fan Nederlân. Der kamen 311 nije keamers by.
De trochsneed hier fan in studintekeamer yn Ljouwert leit 35 euro boppe it lanlik gemiddelde. Yn Ljouwert kostet in keamer yn trochsneed 298 euro yn de moanne.