Jild PGB's noch nei buro's

© Omrop Fryslân
It soarchkantoar fan Fryslân makket it jild fan de Persoonsgebonden Budgetten (PGB's) noch hieltyd oer op de rekken fan bemiddelingsburo's. Dat is opfallend omdat steatsiktaris Bussenmaker yn in brief skreaun hat dat dat fan 1 july ôf net mear mei. It moat streekrjocht nei de minsken oermakke wurde.
Dy nije regel is betocht nei oanlieding fan in tal grutte fraudesaken mei bemiddelingsburo's yn Limburch en Súd-Hollan.