'Fisy takomst molens nedich'

Ek de mole yn Burdaard wachtet op subsydzje
De provinsje moat in fisy ûntwikkelje oer de takomst fan de molens yn Fryslân. Dat seit ûnôfhinklik saakkundige Frank_Terpstra fan Beetstersweach. Monumintesoarch freget kontinuïteit en dat hat der no wol oan.
De restauraasje fan Fryske molens stiet ûnder druk, omdat de provinsje dit jier benammen tsjerken en pleatsen subsydzje jout. Dêrtroch fiskje de molens achter it net.