Ljouwert: mingde ynboargering

De gemeente Ljouwert hat gjin spesjale ynboargeringskursussen foar allinne mar froulju of manlju. Dat seit loko-boargemaster en wethâlder Isabelle_Diks yn reaksje op de oanfarring tusken minister Van_der_Laan fan Yntegraasje en de gemeente Utrecht.
Utrecht boargert manlju en froulju apart fan elkoar yn. De minister fynt dat net kinnen. Yn Ljouwert folgje sa´n 450 minksen op´t stuit in ynboargeringskursus.