Dútske klups wolle Viktor Elm

Viktor Elm (foto Martin de Jong)
Viktor Elm stiet yn de belangstelling fan ferskate klups yn de Dútske Bundesliga. Dat seit de krante Aftonbladet yn Sweden, it heitelân fan Elm. De krante skriuwt net om hokker klups it giet. De 23-jierrige Viktor Elm kaam healwei it ôfrûne seizoen fan Kalmar FF nei SC Hearrenfean. Elm skoarde yn tolve wedstriden fjouwer kompetysjegoals foar de Fryske klup. It falt noch mar te besjen oft Hearrenfean yngean sil op de belangstelling fan 'e Dútske klups.