Probleem deade brúnfisken

© Omrop Fryslân
Om in oplossing te finen foar it probleem fan deade brúnfisken dy't oanspiele op de Waadeilannen moat ynternasjonaal gearwurke wurde. Dat sizze Belgyske en Nederlânske ûndersikers fan de brúnfisken yn de Noardsee yn in nij rapport.
De ûndersikers hawwe ûndersiken út ferskate lannen neist elkoar lein. Dêrút docht bliken dat in grut part fan alle oanspielde brúnfisken om it libben komt trochdat sy as byfangst yn fiskersnetten telâne komme.