Fûgelhokjes leechhelje riedsel

Doarkes wurde iepenset en nêsten op 'e grûn smiten
It leechheljen fan fûgelhokjes yn Haskerdiken en Nijbrêge is in mystearje. Yn en om de doarpen hingje sa'n sechstich hokjes. By de helte dêrfan sette ûnbekenden de doarkes hieltyd iepen en smite it nêst mei de aaikes op de grûn.
Wa't dat docht en foaral ek wêrom, is de fûgelwacht fan beide doarpen in riedsel. De fûgelwacht hat by de skoalle del west om de jeugd te ynformearjen oer it belang fan de hokjes.