Fiif minsken út see rêden

14 jul 2009 - 15:06

De rêdingsboat fan Skiermûntseach hat tiisdei fiif kuierders holpen dy't op in sânbank ynsletten rekken wiene troch opkommend wetter. Se rekken ynsletten troch skouderheech wetter.

Omdat twa fan de fiif net swimme koenen, ûnstie der panyk en waard de help fan de rêdingsboat ynroppen. Dy hat se werom nei de fêste wâl brocht. Op it strân steane buorden dy't warskôgje foar it rinnen oer de sânplaten, mar likegoed komme alle jierren wer strânkuierders yn problemen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)