Harns teloarsteld yn havenfisy

14 jul 2009 - 13:14

Yn Harns is mei teloarstelling reagearre op de fisy fan it kabinet op de takomst fan de seehavens yn Nederlân. De ministers fan Ekonomyske Saken, Ferkear en VROM wolle dat regionale havens mear gearwurkje mei Rotterdam om files yn de Rânestêd tsjin te gean.

De ministers kieze dêrby allinnich foar Grins, Amsterdam, Moerdijk en Seelân. Harns komt yn de hiele takomstfisy net foar.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)