Driuwende waadhut op Richel

14 jul 2009 - 11:59

As proef is sûnt begjin dizze moanne in seneamde gasthearpost iepene op de Richel oan de súdeastkant fan Flylân. Op dy grutte sânplaat stiet oars gjin fûgelwachtershúske. Mar no leit dêr wol in driuwende waadhut dy't gewoanwei brûkt wurdt troch in ûndersyksynstitút op Texel.

Op fersyk fan it ministearje fan LNV sit dêr no in saneamde natuerwacht yn fan Natuermonuminten. Dy man moat de natuer yn 'e gaten hâlden en toeristen helpe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)