Koksmessen stellen op Flylân

© Omrop Fryslân
Ut in hoarekagelegenheid oan de Doarpsstrjitte op Flylân binne sneintenacht tsien koksmessen stellen. It giet om breamessen, hakmessen en fleismessen. Trije binne nei in syktocht weromfûn op it dak fan in gebou yn de buert.
It soe wêze kinne dat der yn de buert noch mear messen lizze of dat foarbygongers se fûn ha. Foaral de breamessen binne hiel skerp, warskôget de plysje.