Harddrugs op Skylge

© Omrop Fryslân
Yn Midslân op Skylge binne sneintenacht trije jonges fan 18 en 19 út Hellem en Schildwolde oanhâlden fanwege besit fan en hannel yn harddrugs. De jonges waarden trappearre doe't se plysjes yn boarger oansprutsen en har drugs oanbeane. Dêrop waarden se oanhâlden.
Yn de tinte fan de fertochten binne pûdsjes mei wyt en speed fûn. Dat is yn beslachnaam. De jonges sitte fêst op it buro.