Fytsdieven oanholden

14 jul 2009 - 10:11

Yn Koarnjum binne sneintenacht twa manlju út Ljouwert oanhâlden, omdat se twa fytsen stellen hiene. Surveillearjende plysjes seagen de twa manlju fytsen sûnder ljocht en hâlden har oan.

De twa seine dat se de fytsen fûn hiene en dat se se brûkten om nei hûs te gean. Mar de plysje fûn in loper by har, dy't brûkt wurde kin om slotten iepen te meitsjen. Op grûn dêrfan binne de manlju meinaam nei it buro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)