Bouwmeester fjirde op EK

Marit Bouwmeester yn aksje (argyffoto)
Sylster Marit Bouwmeester stiet healwei it Europeesk Kampioenskip fjirde yn de Laser Radial klasse. Bouwmeester waard yn de fjirde race earste, mar sette dêrnei har minste risseltaat del troch as 25ste te einigjen. Yn de sechsde race waard se fyfde.
Yn it Deenske Charlottenlund stiet de Frânske Sarah Steyaert earste mei fyftjin punten mear as Bouwmeester. It EK duorret oant en mei 16 july.